Jacob Klaver suksessen wykein 17,18 en 19 juny

Ofrûne freed waard de twadde omgong fan de ôfdielings kompetysje Federaasje Littenseradiel spile. Dit barde yn Weidum op freed yn de neimiddei. Der diene trije partoerkes út Mantgum mei. It partoer fan Mantgum dat by de welpenjonges mei die, foel yn de prizen. Ut in list fan 9 ôfdielings partoeren stiene hja yn de finale tsjin ”angstgegner ” Wommels. Yn Mantgum waard noch mei 5-3 ferlern fan Wommels, mar dizze kear binne hja oppermachtich en krije mar ien tsjinearst. 5-1 en 6-6 Lokwinske Ignas Dijkstra, Jelle Terpstra en Gjalt de Groot.

Binnen 24 oeren twa kear winne, dat presteare Ingnas Dijkstra Yn Littens Federaasje keatse en wer de earste priis, in echte priiskeatser Noch mear sukses yn Littens, Arjen Talsma wint de twadde priis yn de ôffalronde Op snein yn Peins trije partijen keatse yn it minne waar. Mar dat makket Jennie en Amarins neat út, foar it twadde wykein efter inoar wurdt Jennie Terpstra earste en Amarins de Groot twadde, Jennie mei Anneke Smid Wytmarsum, Amarins mei Hiske Zeinstra Peins En spannend dat it wie…… 5-5 en 6-4

Geplaatst op 20 June 2011